Gaast Revue Lysts dorp yn rzige tiid Histoarysk Wurkferbn Wnseradiel

"Lyts doarp yn rzige tiid"
een revue over de tweede wereldoorlog in het dorp Gaast


         

In revu oer de oarlochstiid yn Gaast, yn novimber  1945 opfiert yn Gaast troch in tal doarpsgenoaten  nder lieding fan master Wybren Bakker, haad fan de  legere skoalle. Hy is ek de skriuwer fan de revu. 

Om jimme in yndruk te jaan fan wat in revu is, it  begjin fan de revu. Op it toaniel mei it doek ticht stiet Master Bakker foar it gerdyn en draacht in fiiftal fersen  foar. 

It lste fers giet sa: 

Sa bringe wy jn skaad en sinne;
Noch efkes en wy sille begjinne.
As t fleurich is, dan meie jimme laitsje
Is t drvich, gjin lawaai dan meitsje.
It doek op! De revu begjint!
Wy hoopje, dat it goed ferrint;
Us stik is earnstich, mar ek bliid:
LYTS DOARP YN RUZIGE TIID.
 

 

Dan giet it doek iepen en alle meiwurkers sjonge it iepeningsliet. De muzyk is in eigen komposysje.

1. Wy bringe in revue, sat jim wol sjogge,
Drt fiif en tweintich minsken mei oan dogge,
Yn liet en tafriel litt wy jim hearre snder mis
Wat yn seis jier hjir yn s doarpke bard is.

Refrein:
Lyts doarp, lyts doarp, rzige tiid,
Wy sil dy nea ferjitte!
No binne wy wer feilich en frij,
It lok gean wy temjitte!

2. Wy binne amateurs, sat jim wol witte,
Wy bringe earnst, wy sil t jim hearre litte,
Ek laitsje kinne jim, want och, de tiid wie wol ris swier,
Dchs hlde wy de moed der yn, net wier?

Refrein:

3. No binn wy frij, wy sizze wat wy wolle,
Jim laitsje, gle, t is s like folle,
Us leafde foar s doarp, dy drage wy hjir jn no t,
Noch ienris sjonge wy no ta beslt:

Refrein:


It gls yn lead rtsje is makke oan it begjin fan de oarloch troch in nbekinde dy't leafde hie foar syn/har Heiteln.

              


Hjirnder it programmaboekje foar de

 
 besikers fan de revu.


Ald Makkum foto: 47043


Ald Makkum foto: 47044


Ald Makkum foto: 47045


Ald Makkum foto: 47046


Ald Makkum foto: 47047


Ald Makkum foto: 47048


Ald Makkum foto: 47049


Ald Makkum foto: 47050


Ald Makkum foto: 47051


Ald Makkum foto: 47052


meiwurkers oan de revu:
* Regie en spieler: Master Wybren Bakker
* Willem en Jeltsje Yska
* Ype Smink en Dieuwke Bakker
* Freerk Smink en Juffr. Bakker
* Dooitze de Boer en Klaske de Witte
* Ype Cuperus en Sijke de Witte
* Gerrit Hoekstra
* Johanna van Kalsbeek
* Anna Hengst
* Aukje en IJde de Boer
* Teake Popma en Albert Reinsma
* Konferenses: H. de Boer                                                

 

 

Foarbyld fan in tafriel

2.          US JONGES KOMME OP

Persoanen:
Willem en Jeltsje Yska
                    Ype Smink en Dieuwke Bakker
                    Freerk Smink en Juffrouw Bakker
                    Dooitze de Boer en Klaske de Witte

Toaniel:        Willem en Jeltsje komme 't earst op. Willem yn matroazenuniform, koffer yn 'e hn.

Willem: No fanke, no sil 't wze, h? Ik hie 't al lang oankommen sjoen, mar dat we noch sa gau fuort moasten, hie  'k net tocht....
Jeltsje: Ik sjoch der sa tsjin oan, jonge, om hjir allinnich efter te bliuwen. En wannear sjoch ik dy werom....meskyn wol nea wer.... (glt hast) 
Willem: Och, toe no, ju ! Sa moast no net begjinne ! It is foar my ek gjin pretsje om fuort te gean. Mar litte wy de holle net sakje. Us  libben is dochs net yn s eigen hn, dat witst wol.......
Jeltsje: Ja, jonge, dat wit ik wol, mar dat ferjit men fiersten te faak, ik sil my goed hlde, hear, dat beloof ik dy !
Willem: Wy hawwe ommers al faker mobilisaasje hn, it sil direkt wol gjin oarloch wurde. Meskyn bin ik mei in pear wike al wer ths mei ferlof, ju ! Mar pas op, der komme mear oan, fuort dy triennen t 'e eagen, gau ! (Dooitze en Klaske komme op)
Dooitze: (sjocht tige blier en hat in soad wille)
Ha, dy matroas ! Op welke slagkrser moat er farre, jonge?
Willem: (sjocht Dooitze ris op en del oan)
Soa, jongkeardel. (skoddet mei de holle). Hoe is 't mooglik dat sokke apen fan jonges straks al mei in gewear yn 'e hannen rinne meie ! Jimme binne noch gjin wynbuks fertroud ! En dat komt mar mei in grouwe jonfaam op klearljochte dei op 'e proppen (skodhollet wer) 't Must net magge ! Dei, Klaske, lk it dy mar net oan, hear ! (Klaske laket wat ferlegen)
Dooitze: (slacht syn faam op 't skouder)
Mar se mei der wze, net? Mar pas op fanke, as 't my yn 'e steek list, en datst net mei oare jonges giest, want dan.....
Klaske: (sjocht him wat fereale oan)
Ei kom ju ! Do kinst op my rekkenje, hear ! Ik bliuw dy trou !! (Willen en Jeltsje stean der smaaklik om te laitsjen. Dan komme Freerk, juffr. Bakker, Ype en Dieuwke der oan, hja sizze elkoarren dei)
Jeltsje: En hoe fielst do dy, Freerk? Wat sin oan 'e faknsje?
Freerk: (pynlik gesicht) No, dat koe better, ik bliuw leaver ths, hear.
Juffr.Bakker: Ja, foar dy jonge snaken is 't net sa slim, mar wy, troude lju....
Dooitze: Hear dy lde, wize minsken weris. He, he, wat hawwe se 't wer slim.
Juffr.Bakker: As ik dy wie jonkje, soe ik earst dat widzestrie ris efter de earen weihelje (Dooitze fielt ek noch efter syn earen en de oaren barste yn laitsjen t). en asto dan ekris safolle jierren troud bist as wy, kinne wy meskyn better prate....
Ype: Wer moast do hinne Willem?
Willem: Den Helder. En do?
Ype: Assen. Giest mei Dieuwke? Dan kin ik dy wat yn 't each hlde....
Dieuwke: (fel) Net nedich, jonkje, ik kin wol op my sels passe, hear ! Meitsje do der mar gjin bokkesprongen, der ha ik mear noed mei !
Freerk: (seit it yn 't algemien) Dat jongguod skynt mekoar net al te bst te fertrouwen, fine jimme ek net?
Jeltsje: Och, ju, hja binne noch sa grien as grs. Dat wurdt letter wol better. Dan wy, he Willem?
Ype: Hear dr ris ! Dy binne, as ik my net fersin, al ien jier troud ! Wat in wurd !
Freerk: Jonges, ik bin hjir de ldste sa 'n bytsje, leau ik, ik sil mar in bytsje op jimme passe. It is tiid, hear, wy moatte nei de trein. (hja nimme fskie)
Jeltsje: Silst fersichtich wze, jonge? Net oerboard falle hear ! En gau wat fan dy hearre litte, hear !
Willem: Ja, ju ! It komt wol foarinoar. Hld dy flink, hear. Do witst wat wy elkoar beloofd hawwe..... (alle mannen f. De froulju bliuwe op it toaniel stean en wiuwe harren nei, oan't it doek falt)

 

 

 

Yn de revu waard net allinnich sjongen,
as  fwikseling mei de ferskes stikken tekst  dyt
it ferhaal oer de oarloch  kompleter makken.
 

By de measte stikjes in plaatsje(s) fan ynternet om it  ferhaal wat te ferbyldzjen. De plaatsjes komme  net  t Gaast, mar kinne yn it hiele ln makke wze. De  evakuees hawwe lykwols in tinkstien yn de tsjerke  efter litten. Inkele wurden binne oanpast oan it  hjoeddeiske Frysk. De stikken binne yn 1945  skreaun troch master Bakker en H. De Boer hat se  foardroechen yn de revu.  

Ynlieding
Europa makket him klear om de wapens, dyt sa  skerp slipe binne, brken te gean. Hitler hat syn minsken oan t terste opsweept. Leaver kennen as bter ! sizze se hjir. Wy laitsje der om, wy hawwe de
bter leaver ! Mar it laitsjen giet s net mear sa noflik f, want it  wurdt mienen ! Om Danzig hinne barst de bom. De earme Poalen wurde it earst fertrape nder de  Dtske soldatelears. Denemaken wurdt nder de fuotten rn, yn  Noorwegen stoarmje de Hunnen op. Brn, moard, ellinde, dat binne de earste  segeningen fan de Dtske Kultur. Mobilisaasje driicht. Dat is noch t slimste net, mar sil t dr by bliuwe. Sinneskyn efter wolkens, Frede waard in djoere priis ! 

 

 




 


 

Op e soldatekeamer
It is sa fier ! Us hiele ln- en seemacht is oproppen. De grinzen wurde yn koortsige haast fersterke, s  leger wurdt opboud. It is nedich, der mankearret nochal it ien en oar oan  !  Us jonges dyt yn tsjinst wienen, namen t yn t  algemien net sa dreech op. Foar de trouden wie t it slimst om hieltyd sa lang fan  frou en bern skieden te wzen. En ek de frijgesellen sieten op e striesek wol hiel  faak nei t portret fan e faam te sjen: Wat in skat fan in fanke is t dochs.. Soe hja no  oan my tinke..?  Mar de fleur gyng der net t, lang net ! Wy litte jim der in
lyts flitske fan sjen. 

Proklamaasje fan de keninginne
Mijn volk: Na een maandenlange handhaving van  een strikte
neutraliteit en een nauwgezet pogen om  de oorlog buiten onze
grenzen te houden, heeft  Duitschland in flagrante strijd met het volkerenrecht  hedennacht een misdadige aanval gedaan op ons  land.
Ik breng ter uwer kennisse dat ons land zich  hierdoor vanaf dit
ogenblik in staat van oorlog  bevindt met het Duitse Rijk. Ik roep allen
op tot paraatheid ! Wij strijden voor een heilige zaak. Moge de Almachtige God ons behoeden. 

De mannen fan de nachttsjinst
De kriich wllet en boldert noch fier yn t sden.  Dtske fleantgen daverje oer s hinne, mar fjirder  bart der net folle. Mar ek Frysln
komt oan e beurt. Yn e nacht fan freed 10 op sneon 11 maaie wirden  de mannen iere betiid t it bed kloppe, om gatten yn  e dyk te hakjen
en de brgen f te brekken. Dat harren sin wie doe net sa fleurich wie, sil jimme  begripe. Der komme hja, de mannen fan e nachttsjinst. 

Makkum evakuearret, 11 maaie 1940
Lns de dyk fan Makkum, der komme hja de  ferdreaunen ! Der binne der by, dyt it kalm opnimme, der binne  der ek by dyt de ferskrikking
no al t de eagen  sjocht.  Rinnende as op fytsen, efter berneweinen en  hnkarren komme hja oan. Allegearre noadige, mar noch folle mear nnoadige  saken tgje hja mei. Der rint in famke mei har kat op e earm, der sjokselt  in ld wyfke mei har kanariekou...... Wy steane t
mei grut meilijen oan te sjen en, al  witte wy net as hja hjir by s
feilich wze sille, dochs  sette wy s doarren wiid iepen..... En binnen
t oere gnzet t yn Gaast as in  bijekoer..... De earste vakus binne holpen...... 

Pinkstersnein, 12 maaie 1940
Pinkster is it, Foarjier is it ! De blommen ntluke yn it fjild, in mylde
sinne skynt  oer it wide Fryske ln.... Mar yn s herten is net de Pinksterfrede..... Wy tinke net iens oer nei tsjerke gean. Boppe s hollen raze de Dtske Messerschmidts, it  doarp krioelt fan frjemde soldaten,
dy t harren klear  meitsje om de stellingen foar de Ofsltdyk te  bestoarmjen. Dan ferlitte wy sels s hzen, s doarp dat s sa  leaf is. De Makkumers, dy t ien nacht by s sliepen ha,  teagje mei s nei t sden. Hoe fier? Wy witte t net. Wy freegje s allinnich f, hoet wy s doarpke  aansens werom fine sille..... 

Kapitulaasje 
De oarloch is ferlern, de oermacht wie te grut..... Us regear wykt t nei Londen, ek de Keninginne  mei it Prinslik gesin... Wy fiele s ferlitten en iensum, wy bite op e tosken  om s fertriet net merke te litten. Der komme s jonges oan, t de stellingen foar de  Ofsltdyk. De moed is der t. De Dtskers binne no de baas en hja sille t s  aansens merke litte ek. 

Us jonges komme werom
Nei de kapitulaasje kaam de eangst, de pinigjende  nsekerheid foar de lders, froulju en bern, dy t net  wisten as harren soan, man en heit noch libbe as  ........ miskyn al fallen wie. Lokkich duorre dy nsekerheid net lang. Hja kamen werom, de iene nei de oare. Hja kamen allegearre werom, sn en wol. Us tank oan God wie grut foar safolle genede..... 

Wy stake 
In golf fan nrst stoarmt der oer s ln hinne. De Dtskers wolle s kriichsgefangenen wer  oppakke ! Dan brekt de lang ferkroppe haat
tsjin de  oerweldigers los. Wy binne slein, wy binne fertrape.... Mar wy litte de tosken sjen en gromme driigjend  werom..... Wy tinke net mear, wy moatte wat dwaan. Oer de gefolgen fan s died prakkesearje wy
net  iens. Impulsyf jouwe wy in antwurd op dit wrede befel:  Wy stake ! Ek yn s doarp hlde de boeren de molke ths. De iene wie der gauer foar te finen as de oare, mar  ek wy hawwe sjen litten, dat wy noch tosken  hienen, dy t bite koenen. 

De ferdeaunen 
In bnte rige sjoche jim kommen
fan minsken, dy t wy ta s nommen....
Der hearre ek de Joaden by, dyt hjir yn s doarp in  feilich
hinnekommen fnen. Us hert gong t nei de minsken, dy t troch de  wrede besetter wol it ldermeast tramtearre binne. Wy binne tankber, dat hjir yn s doarp ek twa  hzen iepenstienen, werfan de bewenners har  libben weage hawwe om 5 Joaden en in alderleafst  lyts famke
fan in wisse dea te rden. Mar litte wy de Joaden sels har kleisang sjonge en  har tankberens tterje foar dizze grutte opoffering. 

Underdkers 
De bnte rige giet fierder... Hoefolle nderdkers hawwe hjir yn s doarp in  feilich hinnekommen fn? Wiene it der net in hiel soad? Wy hearre har noch praten yn harren wnderlik  taaltsje fan heal Hollnsk, heal Frysk. Der wiene populaire typen by, dyt alhiel Frysk mei  de Friezen waarden.... Fansels kamen der wolris heakken en eagen..... Foar dy sterke, sne jonges wie it in swier kerwei  om harren geduld
te bewarjen. Want it duorre sa ferskriklik lang ! En it wurk dat hja hjir dwaan moasten, och, hja  wienen it sa oars wend.... Mar ek de
minsken, dy t harren hs iepensetten foar  dizze jonges, hja waarden
ek wol ris koart fan stik,  en.... och, sn der oer. Dat binne wy al lang wer  fergetten ! Wy hlde in waarm plakje yn s hert foar dizze  flinke, jonge keardels, dy t har sa flink troch de  beroerde jierren hinne slein hawwe. En ik leauw ek, dat hja s lytse doarpke oan e see  net sa gau wer ferjitte sille, al steane hja dan no ek  wer midden yn it jeiende rzige libben..... 

 

Ynfaasje yn Normandi, 6 juny 1944
Einliks, der komt it, de langewachte ynfaasje ! In machtige float stoarmt op e Frnske kusten ta. Driigjend wize de geweldige kennlopen fan de  slagskippen en krsers nei de  swier fersterke  Atlantik-Wall. Tzenen fleantgen daverje yn prachtige fermaties  oer it Kanaal. Dan brekt de hel los ! Granaten gle troch de loft en in swier gerdyn fan  reek en
fjoer hinget boppe de Frnske kust. De fleantgen iepenje har lken en efkes letter  hingje tzenen jonge minsken as lytse, wite stipkes  yn de stoarmige loften. Hoefolle sille der feilich de grn berikke? 

Fjochtsjen en befrijing 
Mar ek de Dtsers binne paraat ! De machtige batterijen yn har swier fersterke  bastions sykje harren proai. It wetter spat hzenheech troch de ntploffende  granten. Skippen wurde troffen en fleane yn e brn,  minsken wurde tinoar skuord en fine in jammerlike  dea yn it donkere wetter fan e see, drt boppe de  reinwolkens oer hinne jaaie.... Mar
de iene boat nei de oare faart nei it strn ta en  spuit syn lading fan minskenmateriaal, tanks en  autos oer it ln t. Hnderten falle del, om nea wer op te stean, mar  tzenen komme foar harren yn t plak en fjochtsje  troch, mei ferbeten gesichten, swart fan e modder  en krtdamp.....  It earme, Frnske ln bloedt t djippe wnden.  De grn wurdt drenkt fan bloed, mei read  minskebloed fan freon en fijn. Mar de alliearde stoomwals giet fierder. Net te kearen is it gweld fan dat machtige, rljende  materieel !  Parys wurdt befrijd ! Oer de Belgyske grinzen raast  de stoarm. Brussel is frij ! Antwirpen wurdt nommen..... Us herten klopje fan bange en blide ferwachting.... Soenen wy noch dit jier oan e bar komme? Soe it  mooglik wze kinne? De legers fan Eisenhouwer en Montgomery is net  mear te kearen, it ein fan de nnimbere festing is yn  t sicht !  Maastricht is de earste Nederlnske std, dyt it  leave read, wyt, blau wer yn frijheit wapperje litte  kin. De radio spilet fleurige marsen, as de nijsberjochten  trochkomme. Wy doarre de ferstoppe radios als wer foar t ljocht  te heljen. Noch efkes en wy binne frij ommers ! Soms steane wy al temk de dyk t te sjen.....mar  och, sa gau kin it ommers net.  Troch Brabn raast de kriich, de grutte rivieren  komme yn t sicht ! Sil it geweldige leger drfoar stykjen bliuwe?  Montgomery weaget de sprong. It giet der op
of der  nder..... 





De striid om Arnhim 
Op in moaie, simmerske snein yn septimber, der  hearre wy t troch de radio: Parachutisten dellitten by de Rijn, by Arnhim en  Oosterbeek ! Swiere gevechten om de Waal- en Rijnbrgen......  Dan brekt de histoaryske striid los, dyt der  tfochten wurdt yn ien fan de moaiste plakjes fan  s earme Heiteln.... Tusken de rzjende dennen en sparren, tusken de  pnheapen fan wat iens bloeiende plakken wienen,  knetterje de mesinegewearen, wurdt sles mei  messen man tsjin man fochten. En it giet der nder...... der nder....... De helden binne fallen, en harren bloed hat s grn  read ferve.....  In snik komt noch yn s
kiel, as wy weromtinke oan  dy dagen, fol fan nferdraachlike spanning, fol fan  bittere teloarstelling as wy weromtinke oan..... 

De lste oarlochswinter 
De lste oarlochswinter, wy sille m net gau wer  ferjitte !   De kjeld
en de honger kaam  oan..... Der kamen ferskriklike berichten t Holln, fan  minsken dyt op strjitte delfoelen fan e honger..... De lste oarlochswinter  De lste oarlochswinter, wy sille m net gau wer  ferjitte !  
Hjir kamen hja ek, de stakkers, op lde fytsen,  soms snder bannen, om iten te heljen fan de  boeren. Wy hjir libben mei en holpen wat wy koenen. Mar ek wy moasten de boer op om iten. Lokkich wie t noch te krijen. Wy hienen noch brnje om de kachel te stoken, al  wie t soms
ek in hiele toer om der oan te kommen. No, efterf, laitsje wy faak om de ngemakken fan  dy tiid fol soargen. Litte wy dan jn de tiid ris fan
e humoristyke kant  besjen en de swiere mtse ris efkes fsette.
 
Us doarp rekke fol. Underdkers, famylje dyt oerkaam omdat de 
honger yn t westen te grut waard nei it ln fan  molke en bter: Frysln.       

Amsterdamske bern
Doe kamen de bern t Amsterdam en oare plakken  en opnij gyngen
de doarren iepen en ferloochene  de fryske gastfrijheit himsels net. 
Wy hawwe de stakkers hjir oankommen sjoen, yn e  barre winter. Meager en swart fan e honger. Wy hawwe de tankberens sjoent yn dy berneeagen  foar dat kostlike iten, dat wy harren hjir foarsette  koenen......  Moannenlang hawwe hja hjir yn s doarp omboarte. Hja groeiden by de dei en s lste stikje guod gyng  der oan . Mar wy
hienen ear fan s werk !  Op in strieljende simmerdei hawwe wy
harren  werombrocht, sterk en sn, blier en laitsjend. Soene harren tinzen  noch net faak weromfleane  nei dat lytse doarpke oan e see.....? 

De evakuees
Febrewaris 1945 Noch wie s doarp net fol gench. De lange rige 
wurdt noch langer. Ut it sden komme hja, de ferdreaunen. Limburg, it terste sden fan s ln, wurdt nei t  hege, klde noarden brocht. Wy meitsje in Roomske tsjinst mei yn s Alde  Herfoarme Tsjerke....
Ja, ja ! Wy heare en sjogge in soad nije en  nbekinde dingen dizze lste oarlochswinter !  Dat it plaksykjen foar safolle nije gasten yn s  aaifolle doarpke somtiden eigenaardige  swierrichheden meibrocht.... Mar stil, jim sille t wol heare en sjen. 

Fergelding troch de Dtsers
Peaskesnein 1945 In klde, reinige dei. Der komt in auto de Boerstreek yn jaaaien en  stoppet by it hs fan master Bruggenkamp. Der t
stappe Rintje Haagsma en in pear Moffen. Dan witte wy gench, want
it is hjir bekind gench,  dat master Bruggenkamp pleatslik kommandant  fan de fersetsgroep is. Fansels wurdt hy meinommen.
Wy wiene der hast seker fan, dat wy heim nea wer  sjen soenen.....  Inkelde dagen letter brekt de hel yn Makkum los. It hiele fersetswurk skynt fert te wzen en de  Moffen rke bloed ! De slachter t Gaast wurdt ophelle. Wy sjogge tsjokke reekwolkens omheechwalmjen  yn Makkum. Dr. Bogstra syn filla en de maresjesee-kazerne  wurde opstookt.  En dan komt it ferskriklike berjocht: Seis jonges binne deasketten, en Bob Dijkstra is  der ek by !  Letter hawwe wy heard, hoet alles him tadroegen  hat. Wy witte ek de bysnderens oer de dea fan dizze  seis jonges. Wy hoege t  net te werheljen, it is te ferskriklik om  sels op papier te setten......  Wy kinne allinnich in earesalt bringe oan dy seis  helden, dyt nder de wreedste mishannelingen  swijden
en har maten net fert hawwe. Wy eare harren neigedachtenis want hja hawwe it  heechste dat hja hienen, foar it Heitln offere:  harren kostbere libben.... 

Fersetswurk fan de N.B.S. 
It fersetswurk yn dizze kontreien wie goed  fersoarge. Dat hat wol
bliken dien doet foar de jonges de tiid  kaam dat hja oanpakke moasten. En s lytse doarpke Gaast hat syn oandiel levere:  18 jonge mannen en inkelde koeriersters setten  harren libben op t spul en hiel wat gefaarlike  opdrachten binne tfierd ! Illegale kranten en bldsjes waarden regelmjittich  rnbrocht, it grutste diel fan it doarp libbe en
die mei  hert en siel mei oan it fersetswurk.  Nammen sille wy net neame. It gyng net om eigen ear, it gyng allinnich om de ear  fan it Heiteln, dat yn sa n grut gefaar wie en dat  wy allegearre sa leaf hienen.  No is de heerlike frijheit werkommen. No hoege wy gjin slot mear op e mle te dwaan. No kinne wy wer frijt prate en gefaarlike geheimen  binne der net mear. Mar lit ik it jim net fertelle.
De N.B.S.ers steane sels klear efter it doek. Hja kinne dat folle better
as ik, want hja hawwe it  sels meimakke. Der komme hja ! 

Hier radio Belgi
De activiteit van de geallierde legers wordt door  hevige sneeeuwval
in hoge mate belemmerd.  Alleen in de Vogezensector, bij Epinal en Lunville  wordt drukke patrouilleactiviteit gemeld. 1000 geallieerde zware bommenwerpers hebben,  gescorteerd door 500 jagers, een buitengewoon  zware aanval gedaan op de Krupp-fabrieken te  Essen. Zware branden werden waargenomen. De Duitse luchtafweer was gering. Verliezen: 2 bommenwerpers en 1 jager.  Van het front in Nederland zijn weinig  bijzonderheden te melden. De vijand heeft met SS stoottroepen een aanval  over de Waal gedaan tegen het dorp Lienden. Deze aanval werd met bloedige verliezen  afgeslagen. Verder blijft het front vrijwel stabiel.  Hier volgen nog enkele bijzondere boodschappen:  Ontvangers van de volgende berichten worden  verzocht zo spoedig mogelijk op de vergadering te  komen:  De worm heeft rode haren, ik herhaal..... Het gevaar komt uit het Oosten, ik herhaal.... Het komt als mosterd na de maaltijd, ik herhaal..... Het is heel wat beter gegaan, ik herhaal.... 

Gaast is frij 
Moandei, de sechtsjende april. In strieljende foarjiersdei. De earste blomkes bloeie yn e grienjende greiden. De ljipkes dkelje mei
tsinnich plesier oer de wjuk. It hearlike, nije libben iepenbierret him
op  tzenderlei wizen !  Om s hinne raast de kriich en in hast ndraachlike  spanning komt oer s. Wy hearre swiere tanks oer de grutte ferkearswei  nei de Ofsltdyk razen. Yn e fierte buldert kenngeskut. Hjir en der sjogge wy flaggen wapperjen, soms  ferdwine hja wer. Geruchten dwarrelje as bnte fgels om en oer s  hinne. 
Mar dan komt it earste skere nijs ! Der komme guonts, dy hawwe de Kanadezen al  sjoent, yn Boalsert. Hja litte s sigaretten sjen, dyt hja krigen hawwe ! Dan moatte wy t wol leauwe.  En middeis: der komme hja oan. In lange, lange rigele fan pantserweinen, jeeps,  motorfytsen..... Drop en dryn brne mannen, laitsjend en blier.  Hja skiene it oarlochsfieren in hiel gewoane saak te  finen en kalm en bedaard geane hja harren gong. Wy krije in Ingelske sigaret en witte net hoe wy t  hawwe, nei dy hearlike geuren fan Ir. Slits nr. 25, 
dyt wy sa lang al ynswolge hawwe. En wy, wy sjogge s de eagen
hast t e holle. Dat is no in modern leger. Wat in skitterende  trusting. Wy heare de markonist fan in karrier yn  nfersteanber Ingelsk troch
syn mikrofoan  brabbeljen. Over in stim t de fierte, dyt oan e toutsjes skynt  te lken, antwurdet.  It is allegear even nwezenlik en moai. In brok sjit yn s yn e kiel, wy wolle al dy mannen  wol tagelyk om e hals falle. Want: alle lijen is ferbij en         




Ynkertiering
De kanadezen komme yn Gaast ! 

Feest yn Gaast 
Nei de befrijing kaam der in feestwoede oer s ln,  sat wy noch nea belibbe hawwe. De Minsken  koenen sikersonk net wer ophlde fan hossen en  springen. Gaast hat it kalm oan dien. Wy hawwe wachte oant Keninginnedei. Mar doe binne hjir ek de fuotten fan e flier kommen  en it waard in lderwetsk feest. Prachtig fersierde weinen rieden troch it doarp en  Jan fan Houten makke mei syn hshlding de  strjitten nfeilich. Mussert mei syn muoike kaam sels noch op besite 
en wy hawwe him sels Leve de Koningin roppen  heard. Wy binne op e kop yn e ld feart dkt. Wy hawwe ettelike bakjes mei stjonkend  saadswetter oer de holle hinne krigen. Al de mannen waarden wer
jong en skonkelen op  stelten rn. En de froulju hawwe yn jachtige haast wat smoarge  fodden oer de line hongen. De bern hawwe
songen en boarte. Ja, ja, it wie der in fleurige boel op Sipke syn  skieppeple. Wy hawwe in moai stik opfierd fan: Hoet wy yn  Gaast libje, wurkje
en sjonge. Wy seagen Gerke der meanen en winkellju  ferkochten tee en kofje, havermout en rys.... En de twadde jns hawwe wy dnse om libbenen  stuollen. Siz ris, is it jimme ek opfallen dat dy jonge fankes  somtiden wol fiif minuten lang om e hals fan dy  mannen hongen....
Ik woe der neat fan sizze, miskyn heart dat wol sa. Ik kin my ek fersint hawwe, it wie wol in bytsje  tsjuster op it ln. Hearken minsken, hear ris, ik leau, dat hja noch net  tfeeste binne. H, lk dat kleed ris
iepen, wy wolle der ek wol wat  fan sjen......  Twa muzikanten komme der yn en dr efteroan in  lange rige fan fleurich oanklaaide minsken, dyt  sjonge: Gaast is frij !! Dat wurdt yn skimerljocht in stuolledns yninoar  setten..... 

Weromsjen en tankberens
In swiere stoarm is oer s earme Heiteln  hinnebuldere. De beammen moasten bge.... Hja kreunden en  steunden, grutte takken binne der rch fskuord,  wreed en snder meilijen.... Wy binne sleint en
fertrape, de ellinde wie somtiden  hast net mear te dragen, sa slim
wie t. Mar yn dy need binne ek tzenen gebeden  omheech gongen nei God yn e himel, om help en  trding. En einliks rp God yn syn grutte ntferming oan de  wrede besetter in Halt ta. It rjocht hat t fan t nrjocht wn. De hearlike, blinkende frijheit kaam oan !  Fan fier oer
de see kaam in folk mei tanks en  autos, mei fleantgen en alderhande oarlochstch. Hja hawwe fochten hjir yn s wetterln, mei  ferbeten moed. Tzenen fan harren hawwe hjir ek it heechste jn  dat hja besieten: harren libben. Lange rigen wite krsen steane der yn s ln, mei  frjemde nammen der op. En fier oer de grutte see, der gle
lders en bern om  harren jonges, dyt hja nea werom sjogge. Dat frjemde folk t Kanada, wy sille t nea ferjitte. Hja binne freonen fan s wurden, yn e djipste  betsjutting fan it wurd. Want hja binne it middel yn Gods hn west om s  frij te meitsjen, s allegear.......  De Oranjebeam hat ek bgd, mar is krektsamin  brutsen. Us Keninginne is werom kommen, ferldere en griis. Mar yn har eagen blinkt noch deselde moed fan  altyden Us Prins en Prinses en de trije brn kamen wer  werom yn it moaie paleis te Soestdijk. Wy hawwe harren wer yn s fermidden en sa heart  it ek: Oranje en Nederln, dy kinne nea skieden  wurde....  En ek yn s lytse doarpke is de rst werom  kommen. Al dy frjemde minsken binne wer nei hs ta gongen. It libben streamt hjir wer as in kalm rivierke fierder,  fan dei oant dei. Jn seagen wy dy rzige tiid fan fiif jier lang noch  ieris oan s each foarby gean. Mar it ienichste dat no noch komme moat, dat is de  tank. Us djippe tank oan s befrijders en boppe alles s  tank oan God, dyt  ek s lytse neatige doarpke net  ferjitten hat. 

Ofslting 
Oan e ein fan dizze revu waard in flaggenparade  hlden en de folkslieten songen. Earst it
Fryske Folksliet,
dan 
God save the King,
It  Kanada liet
en as slot 
It WILHELMUS 


Tot slot een woord van dank aan de zoon van meester Bakker die ons in staat stelde het materiaal van deze revue te gebruiken voor het bovenstaande overzicht. De revue is een aantal keren opgevoerd in november 1945. Ook het verslag van de bevrijding van Gaast en een aantal foto's zijn van hem afkomstig. Hartelijk dank ! 

 

Index pagina

Vorige pagina

 

Histoarysk Wurkferbn Wnseradiel