De skoalle yn Gaast yn de 19de en begjin 20ste ieu Dit ferhaal fan Jiskje Algera en master Harmen Reinders van der Meulen jout de ellinde oan wêr’t gesinnen yn de 19e ieu mei te krijen hienen yn in tiid fan beheinde sûnenssoarch. Jiskje is berne op 23-09-1831 yn Wûns en stjert op 25-08-1868 yn
Gaast, 36 jier âld. Hja wie troud mei Symon Bouwes Algera, soan
fan Bouwe Baukes Algera út Gaast en in neef fan Jiskje. De
heit fan Jiskje is Halbe Baukes, timmerman yn Wûns en in broer
fan Bouwe Baukes. Yn de Kadastrale Atlas fan Fryslân fan 1832 komme wy de namme fan Bouwe Baukes tsjin as eigner en timmerman mei twa perselen grûn oan de noardkant fan de Gaaster feart mei nûmers 248 en 249. In tún fan 105 m² en hûs en hiem fan 360 m². |
In stikje skiednis fan it ‘Hoogveld’, noardlik fan
Gaast. Jiskje yn Wûns.
Master Harmen van der Meulen komme wy yn it boek ‘It
Doarpslibben fan Gaast’ tsjin op side 41. Bevoegdheden van onderwijzers in de wet van
1857 |
In oantal data út it libben fan Master
Harmen: • Harmen is berne yn Arum op 4 maart 1814, as soan fan Reinder Harmens van der Meulen en Trijntje Luitens Algra. • Kwekeling yn Arum 1830 yn in 4e rang. • Trout as er 28 jier is mei Sijke Hoites Bakker fan 24 jier. Troudatum 7 maaie 1842 yn Wûnseradiel. • It earste bern wie Reinder en is berne op 6 april 1843. • It twadde bern wie Huite en is berne op 5 juni 1844. • It tredde bern is Luitjen en berne op 23 september 1846. • Luitjen wie 1 jier doe’t er stoar op 16 april 1848 yn Arum. • Yn 1849 binne hja ferhúze nei Menaam om dêr mei in 3e en 2e rang oan skoalle te stean. • Yn Menaam is op 4 april 1849 wer in Luitjen berne. Dizze twadde Luitjen stoar doe’t er fiif moanne âld wie op 22 augustus 1849. • Op 19 maaie 1850 wurdt der by Harmen en Sijke in poppe dea berne. It wie doe gebrûklik en jow sa’n berntsje gjin namme. • Op 27 maaie 1850 stjert ek syn frou Sijke yn ‘e kream, sy is dan noch mar 32 jier âld. • Master Harmen trout yn Menaam mei Klaaske Klazes Dijkstra op 10 juni 1851. • Op 8 maart 1852 it fiifde bern fan Harmen. Klaas is syn namme en Klaaske is no de mem • Dan ferhúzet er yn 1852 mei Klaaske nei Gaast en wurdt dêr haad fan de iepenbiere Skoalle dy’t ûnder it behear fan de Tsjerke stiet. De skoalle is yn dy tiid in hûs neist it tsjerkhôf. Foar is it wenhûs fan de master. Dêr achter de skoalle en achteroan in stâl en hiem. Sa is it oanjûn yn 1832 by it Kadaster. • Bern seis is in dochter en wurdt dan ek yn Gaast berne op 23 novimber 1854 en krijt as namme Trijntje. • Op 17 februari 1856 stjert Klaas as jonge fan trije jier yn Gaast. • Bern sân is wer in Klaas en is berne op 6 april 1856. Dat sil wol swier west hawwe sa nei de dea fan de earste Klaas. • Harmen wurdt wer widner as syn twadde frou Klaaske stjert op 18 april 1864. Wy kinne wol stelle dat de kream hiel wat memmen it libben koste hat. De kreamsoarch en de hygiëne lieten te winskjen oer. • Hy trout foar de tredde kear en no mei Jiskje en wol op 8 desimber 1864. Harmen wie doe 50 jier en Jiskje 33. It tal bern wie grut en der wie soarch yn de húshâlding nedich. As wy it sa neigean dan wienen dêr doe bern fan Harmen en syn beide ferstoarne froulju: Reinder (1843); Huite (1844); Trijntje (1854); Klaas (1856). Sadat de húshâlding fan Jiskje en Harmen en harren seis bern 8 persoanen grut is, ek de twa fan Jiskje telle wy der by. • Harmen en Jiskje krije Catrinus yn Gaast op 1 oktober 1865 en Catrinus stjert op 27 oktober 1865, hast fjouwer wike âld. |
De advertinsjes yn de Ljouwerter Krante litte it barren by Jiskje en Harmen sjen. Yn ‘e krante fan 16 desimber 1864 lêze wy:
Nieskjen rekket yn ferwachting en yn ‘e krante fan 6
oktober 1865: Mar it gong net goed mei it lytse jonkje, yn ‘e krante
fan 31 oktober 1865: Yn 1866 rekket Nieskje wer yn ferwachting en hja krijt yn
1867 alwer in soan: Dizze soan, Catrinus Harmens v.d. Meulen, berne 31-03-1867 yn Gaast en stoarn 11-02-1950 yn Pella Jowa USA, wie útjower fan it ‘Sioux Center News’. Nieskje wurdt in goed jier letter sels siik, yn ‘e krante
fan 28 augustus 1868 lêze wy: |
Oer de skoalle fan Harm v.d. Meulen, himsels en al wat dêr mei gearhinget: Master Harmen hat de bouw fan de nije kristlike skoalle net mear
meimakke. Doe’t Jiskje stoar wie hy 55 jier en foar de tredde kear
widner. It argyf jout net oan oft er wer in houlik oangien is.
Master Harm van der Meulen foar it gerjocht.( Yn ‘e
krante fan 22 juny 1869): |
Krapoan 5 jier hat er dernei noch master oan de bysûndere skoalle west doe’t er hommels ferstoarn is. De advertinsje is ûndertekene troch de âldste soan, Reinder van der Meulen. Rouadvertinsje yn ‘e krante fan 28 augustus 1874: Hjirneist in foto fan de âlde skoalle. Master wenne mei syn bern yn it foarste part. Yn it midden de skoalle en achteroan in stâl. |
Master syn twadde soan Huite hat in
skoftsje skoalmaster yn Ferwâlde west, fan 1869 oant 1875. Hy
waard H. van der Meulen Jr. neamd om’t de namme fan syn heit ek H.
van der Meulen wie. Dy krige Sr. achter syn namme. Hy naam yn
1875 ûntslach yn Ferwâlde en hy hie hope yn Gaast oan de slach
te kommen, mar dat slagge net en master Ornée waard it nije haad fan
de skoalle. Wie Huite somtiden net goed genôch? Wy witte it net. In
oare suggestje kin wêze dat de famylje net kristlik genôch
wie. Pake yn Arum hie syn bern net dope litten en wie net lidmaat
fan de tsjerke. Yn it boek fan Ferwâlde lêze wy dat hy nei Toppenhuzen gong. Mar wy witte net wat foar wurk hy letter dien hat. Wol witte wy út de argiven dat hy nea troud west hat en stoarn is yn Zeist as 88- jierrige. Yn it Uterts argyf fine wy: Overlijdensakte met toegangsnr. 463, inventarisnr. 573 en aktenummer 57 Aangiftedatum: 24-02-1933 Overledene: Huite van der Meulen Geslacht: M Overlijdensdatum: 23-01-1933 Leeftijd: 88 Overlijdensplaats: Zeist Vader: Harmen Reinders van der Meulen Moeder: Sijke Huites Bakker Relatie: ongehuwd |
De nije skoalle fan 1875 |
||||
|
Dernei krije wy yn 1875 P.B. Ornée, yn 1880 S. Hempenius, yn 1883
P. Westerhof en fanôf 1885 oant 1906 is Abraham Koebrugge ( berne
31-12- 1836, frou en 8 bern en it 9de bern is yn Gaast
berne) it haad fan de kristlike skoalle. Hja wennen yn it
skoalhûs, wat no in diel is fan de Fûke.Yn 1886-1887 binne de beide
skoallen foar bysûnder ûnderwiis fan Gaast en Ferwâlde kombinearre,
mar dat harmoniearre net en waard nei in jier al wer
ferbrutsen Yn 1906 is Koebrugge 70 jier en giet dan mei
pensjoen. Fan 1906 oant 1909 hat C. Tolsma út Seisbierrum de lieding yn ‘e skoalle. Dêrnei komme wy de master fan Douwe Algera tsjin, Joh. Martens út Koudum, dy is haad oant 1925. Douwe Algera hat it oer sintels yn de Boerestreek. Yn 1922 binne dizze opromme en kaam der in ‘kunstweg’ nei Fiskersbuorren. Yn de 19de ieu hat de gemeente Wûnseradiel in nije iepenbiere skoalle yn Gaast bouwe litte. It ûnderwiis wie mei de wet út 1857 in saak fan de boargerlike gemeente wurden en dêrom moast it ûnderwiis neutraal wêze. Op 1 july 1872 wie it safier en de nije iepenbiere skoalle koe iepene wurde. Der kaam lykwols op ‘e nije skoalle hast gjin learlingen. It haad fan dizze nije skoalle, Heinze Tijmens van Warners út Wommels is yn 1884 nei Arum ta gongen. Fan 1884 oant 1888 wie B. Smits haad en yn 1888 is de iepenbiere skoalle sletten. Yn in krante fan augustus 1888 it neikommende artikel:
Der is fan alles besocht om de skoalle oan 'e gong te krijen mar
ta eintsjebeslút is de skoalle oan de grifformearde tsjerke
ferkocht. Dit kaam de nije synoadale grifformearden goed fan pas,
want hja woenen nei de doleânsje, ôfskieding fan de
grifformearden út de Herfoarme Tsjerke, wol in eigen ûnderkommen ha.
In nije grifformearde dûmny soe der komme moatte en in nije
pastorije. Om’t de doarpen Gaast, Ferwâlde, Piaam en Skuzum
gearwurken kaam de nije grifformearde pastorije yn Gaast, want dêr
koene hja de grûn fergees krije troch in grifformearde ´broeder´
dy’t in oantal betinksten hie foar de kommende 100 jier.We
lêze yn it doarpsboek fan Gaast dat de timmerlju Algera (Sytse) en
Draisma de pastorije boud hawwe foar ƒ 3975,--. |
||
Histoarysk Wurkferbân Wûnseradiel |